Kening Hagler
Kening Hagler | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Arataswa Haigler | |
oare namme | King Hagler, Nopkehee | |
berne | ±1700 | |
berteplak | ? (Súd-Karolina) | |
stoarn | 30 augustus 1763 | |
stjerplak | ? (Súd-Karolina) | |
etnisiteit | Katôba (Catawba) | |
wurkpaad | ||
berop/amt | opperhaad fan de Katôba | |
jierren aktyf | 1750 – 1763 |
Kening Hagler (Ingelsk: King Hagler) of Nopkehee, berne as Arataswa Haigler (±1700 – 30 augustus 1763) wie in opperhaad fan 'e Katôba (Catawba), in Yndiaansk folk fan it Amerikaanske súdeasten, yn 'e steat Súd-Karolina. Hy waard de lieder fan syn folk yn 1750, nei't syn foargonger, Kening Yanabe Yalangway, omkommen wie by in oerfal troch de Irokezen. Kening Hagler (de blanke kolonisten yn Súd-Karolina neamden doedestiden alle Yndiaanske opperhaden "kening") kaam bekend te stean as in fredesstifter en in trouwe bûnsgenoat fan 'e Britske kolonisten, mar dêrnjonken ek as in fûleindich ferdigener fan 'e rjochten fan syn folk.
Yn 1751 tekene er yn Albany, yn 'e steat New York, in ferdrach dat de frede tusken de Katôba en de Irokeeske Konfederaasje bekrêftige. Under de Frânske en Yndiaanske Oarloch stjoerde er yn 'e jierren 1756-1757 in kontingint krigers om ûnder kolonel George Washington, de lettere Amerikaanske presidint, mei te fjochtsjen tsjin 'e Frânsen en harren Yndiaanske bûnsgenoaten. In lytser Katôba-kontingint joech him yn 1758 by generaal John Forbes, yn Firginia.
As Kening Hagler syn wichtichste die wurde lykwols de ûnderhannelings mei it koloniale regear fan Súd-Karolina, yn july 1760, beskôge, dy't úteinlik liede soene ta de stifting fan in eigen reservaat foar de Katôba. Mar ear't it safier wie, kaam Kening Hagler op 30 augustus 1763 om it libben by in oerfal fan sân krigers fan 'e Sjâny (Shawnee), dy't him allinnich op 'e wei troffen doe't er weromkearde fan in besyk oan 'e Wakshou (Waxhaw), in buorstamme fan 'e Katôba. Kening Hagler wurdt beskôge as de grutste lieder dy't de Katôba ea fuortbrocht hawwe. Yn 2009 waard er as earste Yndiaan ynhuldige as lid fan 'e South Carolina Hall of Fame.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |